Ferline stilset Fierder - Joute de Graaf - Uitgeverij Van Warven
Close

Ferline stilset Fierder

in breed Tiidsbyld

5/5

In Ferline stilset Fierder walkjend yn it lânskip fan syn libben skilderet de auteur in nijsgjirrich ferhaal oer himsels. Syn libbensferhaal hat kleur! De titel fan it boek jout de kaaiwurden oer syn
skiednis.

22,50

Swalkjend yn it lânskip fan syn libben skilderet de auteur in nijsgjirrich ferhaal oer himsels. Syn libbensferhaal hat kleur! De titel fan it boek jout de kaaiwurden oer syn skiednis.

Mei him sjocht de lêzer yn de spegel fan it ferline. Yn it brede tiidsbyld fan trije-kwart iuw wurde je meinommen yn de ferhalen oer syn jeugd, doarp en omjouwing, de opliedingen, leafdes, sporten, passys, wurk en it belutsen wêzen by de mienskip. Hoe’t er dan stilset wurdt … en dochs wer fierder giet.

It ferhaal wurdt yn in breed Tiidsbyld set en krijt in pluspunten mei, en dêrmei in dokumintêr karakter, as je lêze oer ûntwikkelingen yn Fryslân. Je werkenne josels faaks yn in soad ferhalen.! En… hy jout ferdjipjende fizys op it libben, wêryn ‘t we syn identiteit ûntdekke.

It boek lêst flot en sûcht de lêzer mei yn wat der ferteld wurdt yn ferskate tiid-partsjes, dy’t de lezer dan ôfwikseljend yn it nó en yn it ferline bringe.

Joute de Graaf (1942) waard berne yn Ternaard en groeide dêr op. Hy studearre Boukunde en Pedagogyk. Hy wurke as timmerman, boukundich tekener, dosint en direksjelid. Hy mocht graach keatse, reedride en fytse. Dêrneist wie hy in tal fan organisaasjes bestjoerlik aktyf. Hy hie fanôf 1995 in arsjitektenburo. Yn 2004 krige hy in slim ûngemak. De fysike mooglikheden binne no beheind. Dochs skildere hy en begûn boeken te skriuwen. Romans en dokumintêre boeken. Dit is syn sânde boek.

Dwalend door het landschap van zijn leven, schildert de auteur een interessant verhaal over zichzelf. Zijn levensverhaal heeft kleur! De titel van het boek geeft de trefwoorden over zijn geschiedenis.

 

Over de auteur(s)

Recensies

Er zijn nog geen recensies beschikbaar.

Extra informatie

Auteur

Subtitel

Autobiografysk libbensferhaal

ISBN

978-94-93175-78-5

Categorie

Biografie