Ferline stilset Fierder

AuteurJoute de Graaf
Subtitel Autobiografysk libbensferhaal
Prijs€ 22,50
VerzendkostenGeen
ISBN978-94-93175-78-5
Verschijningsdatum25 november 2021

Swalkjend yn it lânskip fan syn libben skilderet de auteur in nijsgjirrich ferhaal oer himsels. Syn libbensferhaal hat kleur! De titel fan it boek jout de kaaiwurden oer syn
skiednis.

Mei him sjocht de lêzer yn de spegel fan it ferline. Yn it brede tiidsbyld fan trije-kwart iuw wurde je meinommen yn de ferhalen oer syn jeugd, doarp en omjouwing, de opliedingen, leafdes, sporten, passys, wurk en it belutsen wêzen by de mienskip. Hoe’t er dan stilset wurdt … en dochs wer fierder giet.

It ferhaal wurdt yn in breed Tiidsbyld set en krijt in pluspunten mei, en dêrmei in dokumintêr karakter, as je lêze oer ûntwikkelingen yn Fryslân. Je werkenne josels faaks yn in soad ferhalen.! En… hy jout ferdjipjende fizys op it libben, wêryn ‘t we syn identiteit ûntdekke.

It boek lêst flot en sûcht de lêzer mei yn wat der ferteld wurdt yn ferskate tiid-partsjes, dy’t de lezer dan ôfwikseljend yn it nó en yn it ferline bringe.

Joute de Graaf (1942) waard berne yn Ternaard en groeide dêr op. Hy studearre Boukunde en Pedagogyk. Hy wurke as timmerman, boukundich tekener, dosint en direksjelid. Hy mocht graach keatse, reedride en fytse. Dêrneist wie hy in tal fan organisaasjes bestjoerlik aktyf. Hy hie fanôf 1995 in arsjitektenburo. Yn 2004 krige hy in slim ûngemak. De fysike mooglikheden binne no beheind. Dochs skildere hy en begûn boeken te skriuwen. Romans en dokumintêre boeken. Dit is syn sânde boek.

Bestelformulier

Verzendadres

Naar welk adres mogen we uw bestelling verzenden?

Een moment geduld aub.
(Visited 52 times, 1 visits today)